Beswier wetterwinning Flylân

27 jun 2009 - 12:13

De Waadferiening en de stifting Duinbehoud meitsje by de Steatsrie beswier tsjin de útwreiding fan de grûnwetterwinning op Flylân. De provinsje hat wetterbedriuw Vitens in fergunning jûn foar de wetterwinning.

De twa natuerorganisaasjes fine dat ûndersocht wurde moat wat de winning foar de natuer en de dunen op it eilân betsjut. Der is by de fergunningferstrekking allinnich ûndersyk dien nei de útwreiding sels. De saak wurdt no tiisdei behannele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)