Beswier tsjin útwreiding Broek

28 jun 2008 - 12:33

De ynwenners fan De Broek sille beswier oantekenje tsjin de plannen fan it útwreidingsplan Trijntjewiel by harren doarp. It giet hjir om in plan foar in lânguod, dat der foar soargje moat dat minsken nei Fryslân ferhúzje.

De ynwenners fan De Broek fine de plannen te grutskalich en it soe it lânskip ek te bot oantaaste. Freedtejûn wie der op De Jouwer in ekstra byienkomst fan Pleatslik Belang De Broek om de strategy te bepalen tsjin de plannen fan Trijntjewiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)