Beswier tsjin seksbuorkerij

21 nov 2008 - 15:13
  • Dit soe in 'eroatyske massaazjesalon' wurde moatte

Ynwenners fan it buorskip Warniahuzen by Aldeboarn binne faaljekant tsjin de komst fan in eroatyske massaazjesalon by harren yn de buert.

In eksploitant hat syn each falle litten op in pleats by Warniahuzen dy't te keap stiet. By de gemeente kaam dan ek in oanfraach binnen foar in seksynrjochting. Tweintich omwenners ha beswier oantekene tsjin de komst fan in seksynrjochting. De ried fan Boarnsterhim sil yn desimber in beslút nimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)