Beswier tsjin ôfsluten stasjon

28 feb 2014 - 16:09
  • It stasjon hat krekt in nije lift krige

De gemeente Ljouwert hat beswier oantekene tsjin it beslút fan de NS om it stasjonsterrein yn de stêd allinne tagonklik te meitsjen foar minsken mei in OV-kaart. Wethâlder Thea Koster fynt dat de maatregel te fier giet, omdat it stasjon fan Ljouwert troch in soad minsken as rinrûte brûkt wurdt fan en nei it sintrum.

Ljouwert hat al earder protestearre, mar de NS bliuwt by it beslút, seker no't in proef mei OV-chip-poarten yn Woerden súksesfol is. It ôfsluten fan it stasjon soe derfoar soargje dat der minder swartriders yn de trein komme.

Ljouwert stelt de NS as oplossing foar inkeld de perrons ôf te sluten en tagonklik te meitsjen mei in OV-kaart. Dat hâldt swartriders tsjin en dan soe de rinrûte tagelyk ek bestean bliuwe kinne.

Njonken de gemeente Ljouwert protestearje mear stêden tsjin de ôfsluting fan it stasjon, ûnder oare Leiden en Amersfoort.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)