Beswier tsjin loads Holwert

14 sep 2006 - 11:42

Yn Holwert binne beswieren tsjin de bou fan in loads middenyn it doarp. Omwenners binne benaud dat de útrit foar ferkearsoerlêst en ûnfeilige situaasjes soarget yn 'e strjitte Achter de Hoven.

Boubedriuw Van der Wielen hat al yn 1990 in fergunning krige foar de bou fan in loads oan de Opslach. Dy boufergunning is noch hieltyd fan krêft. De omwenners stappe mooglik nei de gemeente om in skeafergoeding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)