Beswier tsjin konsesje Frisia

03 maaie 2002 - 00:00

De gemeente Frjentsjerteradiel tekenet offisjeel beswier oan tsjin it ferlienen fan in sâltwinnings-konsesje oan Frisia Sâlt yn Harns. Dat hat boargemaster Haveman tongersdeitejûn bekend makke.

De gemeente hat net de yllúzje dat de konsesje noch stopt wurde kin, mar hopet sa wol in bettere skearegeling ôf twinge te kinnen. Dat is neffens Haveman no noch net goed regele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)