Beswier tsjin fulpunt ôfwiisd

11 jan 2012 - 11:05

It LPG-fulpunt by it tankstasjon oan de Stationsweg yn Harns mei bliuwe. Dat makke de Raad van State bekend. De Maritime Akademy en wenningboukorporaasje yn Harns hiene berop tsjin dat fulpunt yntsjinne. Der moat in boufrije sône fan 25 meter tusken tankstasjon en gebouwen wêze. De skoalle korporaasje wolle bouwe op de grûn njonken it tankstasjon, mar dat kin no net. Direkteur Mintjes fan de Maritime Akademy wol de skoalle útwreidzje, mar dat kin dus net op de hjoeddeiske lokaasje. Hy wol gau mei de gemeente prate.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)