'Beswier Skylge wol ferwachte'

29 jan 2014 - 10:23
  • De ferâldere seefeartskoalle op Skylge dy't fernijd wurde moat

Wenningstichting De Veste yn Ommen sjocht der net fan op dat stichting Ons Schellingerland nei de Ried fan Steat stapt om de nijbou fan de kampus fan de seefeartskoalle op Skylge te kearen. De stichting hat neffens De Veste al folle faker dúdlik makke dat der beswieren binne tsjin de nijbou. De Skylger stichting fynt it plan foar nije skoalle te heech, seker no't der lûden binne dat it om seis ferdjippingen giet.

Neffens de wenningstichting wurdt it gebou lykwols net heger as fiif ferdjippingen, om't de regels in heger gebou net tasteane.

Op dit stuit binne der noch gjin konkrete bouplannen, benammen om't it dreech is om alle winsken yn de beskikbere romte te realisearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)