Beswier oanlis dyk ôfwiisd

27 nov 2013 - 11:03
  • Justysje

De Ried fan Steat hat beswieren ôfwiisd tsjin de oanlis fan in dyk dy't de nije westlike ynfalswei fan Ljouwert ferbynt mei it sintrum fan de stêd. Under oare fervefakbrikant Zandleven hie beswier oantekene. It bedriuw is benaud dat it net mear útwreidzje kin op syn lokaasje oan de Snekertrekwei.

Neffens de ried hat de gemeente nea tasizzings dien foar dy útwreiding. In bedriuw oan de Ampèrestrjitte tinkt dat de nije dyk problemen opsmyt foar de berikberens fan it bedriuw. De ried kin him ek dêr net yn fine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)