Beswier Newtonpark ôfwiisd

18 nov 2009 - 11:23
  • It tankstasjon sit op it Newtonpark

De Raad van State hat in fersyk fan Miljeudefinsje tsjin de fierdere ûntwikkeling fan it Newtonpark yn Ljouwert ôfwiisd. Neffens de Rie mei de oanlis fan de fjirde faze fan it park trochgean om't der ferlet is fan mear bedriuweterreinen yn Ljouwert. Ek wurdt genôch rekken hâlden mei kompensaasjemaatregels foar de greidefûgels yn it gebiet.

De earste faze fan de útwreiding is al bouryp makke. Ien bedriuw hat him der al festige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)