Beswier jeugdhonk ynlutsen

07 nov 2003 - 00:00

Ynwenners fan Droegeham hawwe har beswieren tsjin de komst fan in jeugdsoos yn it doarp ynlutsen. It honk moat njonken de gymnastykseal oan De Delte komme, mar omwenjenden wiene benaud foar oerlêst.

De gemeente hat de buertbewenners belutsen by de bou fan de soos. Sa komt der in wurkgroep dy't yn aksje komt by mooglike problemen. Der is al jierren praat oer ferskate lokaasjes foar in jeugdhonk yn Droegeham.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)