Beswier fúzje 'Friese Meren'

03 jun 2011 - 09:37

Pleatselik belang Nijbrêge-Haskerdiken en de belangegroep Spitsendyk Haskerdiken ha offisjeel beswier oantekene tsjin de fúzje fan de gemeenten Skarsterlân, Lemsterlân en Gaesterlân-Sleat. De trije gemeenten wolle fierder as 'De Friese Meren'.

De doarpen Haskerdiken en Nijbrêge meitsje hjir gjin ûnderdiel fan út. Sy wurde by de gemeente Hearrenfean yndield en binne it dêr net mei iens. De doarpen easkje in ynspraakperioade yn de belutsen gemeenten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)