Beswier Bosk en Greide te let

14 nov 2014 - 07:50
  • Rjochtsaak Bosk en Greide

Agraryske natuerorganisaasje Bosk & Greide hat te let beswier makke tsjin besunigings troch de provinsje. De rjochtbank yn Grins hat de rjochtsaak fan Bosk en Greide tsjin de provinsje net-ûntfanklik ferklearre. Bosk en Greide wurket al sûnt de jierren njoggentich oan nije natoer yn Gaasterlân. Dat projekt rint noch oant 2018. Troch de subsydzje no stop te setten driget it projekt neffens it bestjoer te mislearjen.

It projekt is unyk omdat boeren en partikulieren mei-inoar oparbeidzje om nije natoer op te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)