Beswier baggerslyk ôfwiisd

10 apr 2013 - 10:59
  • In mokselbank op de Waadsee

De Rie fan Steat kin him net fine yn beswieren dy't twa mokselfiskers hawwe tsjin it stoarten fan baggerslyk yn de Waadsee. Neffens de fiskers hat it stoarten negative ynfloed op de tylt fan de moksels dy't se yn de Waadsee dogge. Se hawwe dêrom beswier oantekene tsjin de fergunning dy't de steatssekretaris foar de stoart ôfjûn hat. De Steatsrie fynt lykwols dat de steatssekretaris goed genôch sjoen hat nei de gefolgen foar de mokselfiskers.

It slyk komt frij by wurk yn 'e havens fan Harns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)