Beswier apparteminten ôfwiisd

17 okt 2003 - 00:00

De bou fan apparteminten op it eardere Nooitgedagt-terrein yn Drylts kin útein sette. De stifting Stadsherstel hie by de rjochtbank yn Ljouwert beswier makke tsjin de bou fan de apparteminten. De rjochter hat freed dat beswier ôfwiisd.

Wethâlder de Boer fan Wymbritseradiel is wiis mei de útspraak. It âlde fabryksgebou mei de grutte skildering stiet der lykwols noch wol. Dat krijt mooglik de status fan monumint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)