Besunigje op burokrasy soarch

25 aug 2012 - 11:04
  • Soarch

Besunigings yn de soarch kin it bêste troch minder burokrasy en legere leanen fan medysk spesjalisten realisearre wurde. Dat jout in grutte mearderheid fan de Friezen oan yn in enkête oer de soarch fan it opinypanel fan Omrop Fryslân en 1Vandaag.

Friezen hawwe net folle betrouwen yn mear merkwurking yn de soarch. Goed 40 persint tinkt sels dat minder merkwurking de soarch goedkeaper meitsje soe. It ferheegjen fan de eigen bydrage, it fersoberjen fan it basispakket of it ferheegjen fan de preemje kin net rekkenje op in soad stipe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)