Besunigje op de kreamsoarch smyt net folle op

26 jan 2015 - 12:51

Besunigje op de kreamsoarch sil net in soad opsmite. Dat seit direkteur Marja Salverda van ISIS Kreamsoarch. In groep saakkundigen advisearret minister Schippers om folle kritysker te sjen nei it tal oeren dat gesinnen oan kreamhelp nedich hawwe. Allinnich dan kin kreamhelp yn it basispakket bliuwe.

It standert tal oeren help leit om de 49 oeren hinne, mar dat tal wurdt neffens de saakkundigen faak ûnnedich ferhege. Frou Salverda fan ISIS kreamsoarch sprekt dat tsjin.

Salverda is benaud dat troch besunigings ek de sinjalearende funksje dy't in kreamhelp hat ferdwine sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)