Besunigings by Vattenfall

21 sep 2010 - 14:40

It Sweedske enerzjybedriuw Vattenfall, dat ferline jier Nuon oernaam hat, moat wiidweidich besunigje. De maatregels binne in gefolch fan alle útwreidings fan de ôfrûne jierren. Mooglik sille der ek banen ferdwine. It is noch net dúdlik wannear't en wêr't dizze banen ferdwine.

It bedriuw wol besykje mei natuerlik ferrin de besunigings te realisearjen en hopet dat der gjin twongen ûntslaggen hoege te fallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)