Besunigings treffe Leppehiem

15 maaie 2013 - 21:25

Yn it Akkrumer mienskipssintrum Leppehiem hearsket konsternaasje. De ryksbesunigings op de âldereinsoarch hawwe grutte gefolgen foar de kliïnten en de meiwurkers fan de soarchynstelling. De soarch en de begelieding fan kwetsbere âlderen wurdt folle minder.

Fjouwer meiwurkers fan Leppehiem reitsje harren baan kwyt troch de koarting. De bus dy't de minsken ophellet, wurdt fuortbesunige. It winkeltsje yn it sintrum moat ek ticht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)