Besunigings by Stenden

05 sep 2012 - 12:32

Stenden yn Ljouwert giet derfan út dat de hegeskoalle yn 2013 trije oant fiif miljoen euro minder te besteegjen hat as yn 2012. Dat komt om't se ferwachtsje dat de ryksbydrage per studint folle leger wurdt. Dêrneist gean de lêsten foar personielskosten omheech.

De hegeskoalle sil alle tydlike kontrakten besjen. As it mooglik is, krije tydlike misken dien. Dat sil gean om hûnderten meiwurkers. Alle meiwurkers binne mei in brief ynformearre oer de besunigings.

Besocht wurdt om de besparring te heljen by de stypjend personiel, sadat it ûnderwiis op peil bliuwt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)