Besunigings op ryksamtners

16 sep 2010 - 15:09

De besunigings op ryksamtners sille yn it Noarden foar twongen ûnslaggen soargje. Dêr is de Abvakabo, it fakbûn foar amtners, benaud foar. It wie al bekend dat der 13.000 banen by it Ryk skrast wurde moasten. Tongersdei kaam it nijs dat der nei alle gedachten nochris 4.000 boppe-op komme.

It soe net gean om twongen ûntslaggen, mar om natuerlik ferrin, sa tinkt it regear. Mar neffens it fakbûn is foaral yn it Noarden de rek derút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)