Besunigings op regionale omroppen wurde in healjier útsteld

07 mrt 2016 - 22:09
  • Steatssiktaris Sander Dekker

De besuniging fan 17 miljoen op de regionale omroppen wurdt in healjier útsteld. Dat hat steatssiktaris Sander Dekker moandeitejûn ôfpraat mei ROOS, de organisaasje fan regionale omroppen. Dekker komt de regionale omroppen temjitte troch de omroppen 8,5 miljoen euro ekstra te jaan foar saneamde 'friksjekosten'. Dat binne kosten dy't makke wurde foar de reorganisaasje.

De maatregel is nedich omdat de politike beslútfoarming oer de nije mediawet fan Dekker folle mear tiid yn beslach nimt as earder tocht.

Wjerstân tsjin mediawet

Dekker wol alle regionale omroppen ûnderbringe yn de nije lanlike organisaasje RPO. De RPO hie op 1 jannewaris fan dit jier mei de reorganisaasje begjinne moatten, mar troch de trage politike beslútfoarming is der hielendal noch gjin RPO. Benammen yn de Earste Keamer is in soad wjerstân tsjin de mediawet.

Draachflak

De senaat sil tiisdei foar de tredde kear oer de mediawet fergaderje, en dat is tige útsûnderlik. Dekker hopet dat syn akkoart oer de regionale omroppen it draachflak yn de Earste Keamer foar syn wet wer wat grutter makket.

In bytsje lucht

Fise-foarsitter Jan Koster fan ROOS - ek direkteur fan Omrop Fryslân - seit dat de ôfspraak mei Dekker de regionale omroppen wat mear lucht jout om de reorganisaasje en besunigings troch te fieren. "Mar dy seis moanne hawwe we ek hurd nedich om it in bytsje soarchfâldich te dwaan." Koster hat mei Dekker ôfpraat dat de moasje fan OSF-senator Hendrik ten Hoeve oer de oprjochting fan de Fryske mediaried foar Omrop Fryslân noch foar de simmerfakânsje fierder útwurke wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)