Besunigings op fleanbasis

02 jul 2007 - 16:05
  • Troch besunigings ferdwine der F16's fan de fleanbasis Ljouwert

By de fleanbasis yn Ljouwert ferdwine in oantal F16 fleantugen. Dat hat de minister fan definsje moandei bekend makke. Meielkoar wurde der yn Nederlân 18 tastellen fuortbesunige.

Yn Ljouwert sitte no twa F16-squadrons. It giet dan om sawat 40 tastellen. Hoefolle dêr fan ferdwine moatte is noch net dúdlik, want ek de fleanbasis Volkel moat ynleverje. Op Prinsjesdag sil der definityf dúdlikheid komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)