Besunigings by Noorderbreedte

24 des 2002 - 00:00

Oardel miljoen euro moat soarchgroep Noorderbreedte takom jier besunigje. Dat is nedich om't de kosten fan lean, medisinen en enerzjy omheech geane. Guon pasjinten kinne net mear de meast optimale soarch krije, tinkt Van Eijndhoven fan de Ried fan Bestjoer.

Nierdialyzepasjinten dy't dit jier bygelyks thús behannele waarden, kinne dat mooglik net mear yn 2003. Foar de nijbou fan MCL-súd ha de besuginigen gjin gefolgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)