Besunigings by Mercurius

26 apr 2010 - 17:09

Opheffing driget foar de Ljouwerter lokale omrop Mercurius. Dit as gefolch fan besunigings fan de gemeente Ljouwert. Sa 't it no stiet krijt de omrop jierliks 44.000 euro minder oan subsydzje.

De oankundinge besunigings binne by Mercurius ynslein as in bom. De relaasje mei de gemeente wie net altyd like goed, mar dit hie net ien ferwachte. Meiwurkers en it bestjoer moasten it minne nijs ek noch út de media fernimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)