Besunigings by MCL

06 jan 2003 - 00:00

Soarchgroep Noorderbreedte, dêr't it Ljouwerter MCL ûnder falt, moat dit jier oardel miljoen euro besunigje. De kosten yn de organisaasje geane te bot omheech.

Neffens de ried fan bestjoer kinne pasjinten op guon terreinen net mear de otimaalste soarch krije troch de besunigings. Sa soe it bygelyks lestich wurde nierdialise noch thús te krijen. De besunigings ha gjin gefolgen foar de nijbou fan MCL-súd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)