Besunigings by Maeykehiem

03 sep 2012 - 14:19

Maeykehiem yn St. Nyk moat besunigje. De ynstelling foar minsken mei in ferstanlike beheining krijt minder jild fan de oerheid foar it wurk. Dêrtroch ferdwine tsien fan de 150 arbeidsplakken. Om't in soad meiwurkers yn dieltiid wurkje, sille sawat tweintich minsken de baan ferlieze.

Maeykehiem hat festigings yn Balk en Snits. Yn Langwar wurdt in nij wensoarchkompleks boud. De festigings bliuwe bestean. Mei-inoar binne der 200 kliïnten. De helte dêrfan wennet yn Maeykehiem, de oaren krije thússoarch of gean nei de deibesteging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)