Besunigings Ljouwert op skema

26 mrt 2013 - 10:50
  • jild

De besunigingstaakstelling fan de gemeente Ljouwert leit op koers. Dat docht bliken út ûndersyk fan de rekkenkeamer fan de gemeente. It besunigingspakket beslacht yn totaal sa'n 17,4 miljoen euro.

It ûndersyk fan de rekkenkeamer hat sân fan de 49 maatregelen besjoen. Dochs binne der wol soargen oer de kaders dy't foar de gemeenteried ynsteld binne. Sa binne der gjin ôfspraken makke mei it kolleezje oer bygelyks ynformaasjefoarsjenning of risikomanagement.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)