Besunigings komme hurd oan

02 apr 2010 - 12:39
  • It Prinses Margrietkanaal (foto: Omrop Fryslân)
  • De Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)

As de grutte besunings fan it Ryk trochgean, hat dat grutte gefolgen foar it libben yn Fryslân. As der bygelyks gjin jild mear komt foar de farrûtes, sil dat in ramp wêze foar it bedriuwslibben yn Noard-Nederlân.

De Fryske hegeskoallen kinne ek wol ynpakke as stúdzjefinansiering en de OV-jierkaart foar studinten ôfskaft wurde en de skoallen minder jild krije. Sa sille der by de Stenden Hegeskoalle fjirtich minsken dien krije as de plannen trochgean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)