Besunigings Hearrenfean liede ta achterstallich ûnderhâld

10 mrt 2016 - 11:18

De gemeente Hearrenfean wol in ynhelslach meitsje by it ûnderhâld en behear fan bygelyks brêgen, tunnels en oare saken yn de iepenbiere romte. Dat betsjut wol dat der ekstra jild nedich is, want der is sprake fan achterstallich ûnderhâld. Ynkoarten kiest de gemeenteried hoe't it krekt oanpakt wurdt en hoefolle jild dêrfoar beskikber komt.

In ynspeksje fan it iepenbier grien, diken, keunstwurken lykas brêgen en wâlskanten smite in rapportsifer op fan in 5,5. Sûnt 2010 is der 1,8 miljoen euro besunige op dit soarte ûnderhâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)