Besunigings FrieslandCampina

26 mrt 2009 - 13:32

Suvelbedriuw FrieslandCampina moat 175 miljoen besunigje. Tongersdei makke it bedriuw de jiersifers fan 2008 bekend. It ôfrûne jier wie in dreech jier foar de suvelmerk. Dochs is FrieslandCampina net ûntefreden oer de prestaasjes. Mar foar 2009 binne de foarútsichten min.

Neffens it bedriuw binne de ûntwikkelingen op de ynternasjonale suvelmerk yn de earste trije moanne teloarstellend. Benammen de fraach nei de saneamde A-merken nimt bot ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)