Besunigings foar Achtkarspelen

22 jun 2010 - 22:01
  • Achtkarspelen moat 1,3 miljoen euro besunigje

De gemeente Achtkarspelen moat de kommende jierren 1,3 miljoen euro besparje om de begrutting slutend te krijen en om ynvestearje te kinnen yn ûnder oaren diken, brêgen, skoallen en yndustryterreinen.

Om oan jild te kommen jout de gemeente ûnder oaren minder hege subsydzjes. It grutste part fan it jild moat lykwols komme út effisjinter wurkjen en in bettere gearwurking mei de gemeente Tytsjerksteradiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)