'Besunigings by Doeksen'

20 feb 2014 - 15:47
  • De fearboaten fan Rederij Doeksen yn de haven fan Skylge

Rederij Doeksen moat wis besunigingsmaatregels trochfiere salang't de Eigen Veerdienst Terschelling (EVT) trochgiet mei farren op Skylge. Dat seit Paul Melles, direkteur fan Doeksen.

Oan hokker besparrings oft er tinkt en oer it tiidstip wannear't dy yngean moatte wol Melles noch neat sizze. Hy wol earst de útkomst ôfwachtsje fan petearen mei alle belutsen partijen en steatssekretaris Mansveld oer in oplossing foar de fearboatoarloch.

Doeksen kondige earder fan 'e wike ek al oan dat der fan 't simmer wer koartingsaksjes komme foar de oertocht. Melles hopet sa merkoandiel fêst te hâlden, dat de toeristen net nei de konkurrint EVT oerstappe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)