Besuniging kostet learlingen

17 nov 2009 - 12:09

Muzykskoalle Opus 3 yn Dokkum is bot skrokken fan de oankundige besuniging. No krijt de muzykskoalle hast 625 tûzen euro yn it jier. De gemeente Dongeradiel wol dêr hast 2,5 ton ôfhelje.

De gemeente wol in ein meitsje oan de subsidiearre muzyklessen foar bern fan 12 jier en âlder. Neffens direkteur Roel Munneke gean de lesjilden dêrtroch sa bot omheech, dat learlingen ôfheakje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)