Besuniging bedriget Mercurius

15 jun 2003 - 00:00

It bestjoer fan omrop Mercurius yn Ljouwert ropt de gemeente Ljouwert op om net op de omrop te besunigjen. Foarsitter Heins hat dêrom in brief skreaun oan de gemeenteriedsleden.

Heins is benaud dat Mercurius net fatsoenlik mear funksjonearre kin as de gemeente de besunigings op de subsidiearre banen trochset. Der driget by de omrop in tekoart fan hast achtentritichtûzen euro. Mercurius draait dêr sels foar op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)