Bestriding ûnderwiisefterstannen

18 maaie 2004 - 00:00

De provinsje Fryslân makket yn de mande mei Drinte, Grinslân en Seelân in plan om yn Den Haach jild los te krijen foar it bestriden fan ûnderwiisefterstannen. Dat sei deputearre Mulder moandei nei ôfrin fan in wurkbesite oan twa basis- skoallen yn de gemeente It Hearrenfean.

Op dit stuit is it foar Fryske skoallen noch hiel dreech om jild foar learlingen mei in efterstân te krijen. Yn Fryslân sitte efterstânslearlingen folle mear ferspraat as yn it Westen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)