Bestriding fraude ID-kaarten

13 sep 2009 - 17:46

Strengere boetes moatte foarkomme dat de Fryske jeugd fraudearret mei identiteitskaarten. De plysje sil hurd optrede tsjin jongeren dy't misbrûk meitsje fan sa'n ID-kaart.

It komt hieltyd mear foar dat hoarekabesikers fan 15 jier en jonger har legitimearje mei in identiteitskaart fan in oar. Sa wolle se bygelyks in diskoteek yn komme dêr't in minimumleeftyd fan 16 jier jildt. Ek ferfalskje jongeren har ID-kaart om sa âlder oer te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)