Bestjoersôfspraak hegeskoallen

26 nov 2013 - 13:53
  • NHL yn Ljouwert

De Vereniging van Hogescholen komt mei in nije koade 'Goed Bestjoer'. Hegeskoallen dy't der mei de pet nei smite, kinne út de feriening set wurde. Dêr hawwe alle bestjoeren fan de 37 hegeskoallen yn Nederlân mei ynstimd.

De koade bestiet sûnt 2006 en der binne al tal fan oanpassings dien. Sa moatte de hegeskoallen it tafersjoch op de skoalle sels better regelje. Der moatte ek bettere ôfspraken komme oer de beleanning fan bestjoerders. Boppedat moatte de hegeskoallen elkoar ûnderling oansprekke op saken dy't net doge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)