Bestjoerslid FPS mei dea bedrige

02 mrt 2005 - 10:00

Bestjoerslid Van Dijkhuizen fan it Frysk Hynstestamboek is mei de dea bedrige, sa waard tiisdei bekend. Hy wie flakby syn hûs doe't er remje moast foar in auto mei in bûtenlânsk kenteken. Twa manlju yn de auto makken him dúdlik dat er syn funksje daliks dellizze moat.

De plysje ûndersiket de bedriging en nimt de saak heech op. Van Dijkhuizen tinkt der noch oer nei oft er oanbliuwt as bestjoerslid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)