Bestjoerskrisis Ljeppers Boun

16 apr 2012 - 15:12

It Frysk Ljeppers Boun sit yn in bestjoerskrisis. Foarsitter Jelle Roorda en sekretaris Hans Helmholt hawwe fanwege in konflikt besletten fuortendaliks út it bestjoer te stappen.

It konflikt fan beide bestjoersleden giet oer de takomst fan it fierljeppen. Helmholt, de heit fan topljepper Bart, wol de sport fierder profesjonalisearje, wylst Roorda folle konservativer is. It FLB hopet oer twa wike sawol de nije foarsitter as sekretaris bekend te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)