Bestjoerskrisis kostet SC Hearrenfean mear as 1 miljoen euro

08 okt 2015 - 16:06

It kommende ûntslach fan foarsitter Jelko van der Wiel by SC Hearrenfean kostet de klup no al 1.3 miljoen euro oan sponsorjild. Sûnt de berjochtjouwing fan ferline wike dat Van der Wiel dien krijt as foarsitter, hawwe 15 grutte jildsjitters harren sponsorkontrakt per direkt opsein.

Under oaren boubedriuw Van Wijnen hat witte litten dat se net langer oan de klup ferbûn bliuwe wolle as sponsor. Van Wijnen docht dat sjoen't de resinte ûntwikkelingen by SC Hearrenfean.

Neffens bestjoerslid kommersjele saken Wim Dijk is it "Alarmfase één". "Dagelijks komen de opzeggingen binnen", sa seit Dijk. As Van der Wiel oanbliuwt as foarsitter by SC Hearrenfean, dan bliuwe ek de sponsoaren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)