Bestjoersbyienkomst 3 Fryslannen

08 okt 2006 - 13:42

Gemeentebestjoerders út de trije Fryslannen sille takom wike op in trijedaachse byienkomst prate oer wetter. It twajierliks ynterfrysk bestjoerlik treffen wurdt dit jier holden yn Ljouwert en Littenseradiel.

Doel is om it kontakt tusken maatskiplike organisaasjes en oerheden yn de trije Fryslannen te befoarderjen. Der is ûnder oare in ekskurzje nei wettertechnologysk sintrum Wetsus yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)