Bestjoeren Harkemase Boys en VVOG moandei wer om tafel

07 mrt 2016 - 07:53
  • Skiedsrjochter Gert Keijl en Pernelly Biya fan VVOG nei it ynsidint

Moandeitejûn prate de bestjoeren fan Harkemase Boys en VVOG beiden wer oer it ynsidint fan dit wykein. Yn de slotfaze fan de wedstriid soe ien fan de donkere spilers fan VVOG, Pernelly Biya - in korner nimme, mar ien fan de Harkema-supporters makke apelûden yn syn rjochting.

Biya woe net fierder spylje en easke aksje fan de skiedsrjochter. Uteinlik waard de wedstriid stillein. Harkemase Boys hat in yngeand ûndersyk oankundige, VVOG oerwaget oanjefte fan rasisme en beide klups komme mei in mienskiplik statement tsjin rasisme.

Ek fuotbalbûn KNVB docht ûndersyk nei it rasisme. Mooglik komt de saak ek noch foar de tuchtkommisje fan de KNVB.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)