Bestjoeren fan trije fuotbalklups yn Boalsert wolle fusearje

21 mrt 2015 - 15:40

It liket der op dat Boalsert ien grutte fuotbalklup krijt. Nei in fúzje tusken it eardere CAB en Bolswardia wol ek de tredde, katolike klup oanslute. Kommende woansdei wurdt in plan fan it bestjoer fan RES en SC Bolsward oan de leden foarlein.

It soe in earste stap wêze kinne nei ien klup mei likernôch 1000 leden. RES woe yn in earder stadium net mei yn de fúzje fan de beide oare klups.

De fúzje is neffens de bestjoeren nedich om de kwaliteit fan it fuobal yn de stêd omheech te krijen en ek de ferbettering fan it sportpark heger op de politike aginda te krijen. Woansdei besykje de bestjoeren harren leden te oertsjûgjen foar it fúzjeplan te stimmen. De rivaliteit tusken de klups yn Boalsert wie altyd grut.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)