Bestjoerders ferplicht op kursus

04 jul 2006 - 10:15

Der moat in ferplichte werhellingskursus komme foar autobestjoerders. Deputearre Ton Baas slút him oan by it stânpunt fan syn Grinslanner kollega Musschenga. Dy hat moandei pleite foar in ferplichte kursus 'voertuigbeheersing'.

De trije noardlike provinsjes freegje dêr mei-inoar om yn Den Haach, omdat der de lêste moannen in soad slimme ferkearsûngelokken west hawwe mei jonge deadlike slachtoffers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)