Bestjoerder ûnderkuolle

25 sep 2008 - 10:12

By in ûngelok op de Sumarderwei yn Eastermar binne woansdeitemoarn in bestelbuske en in bromscooter opinoar klapt. Beide kamen yn 'e sleat telâne. De bestjoerder fan de bromscooter, in 41-jierrige ynwenner fan Bûtenpost, rekke ûnderkuolle. Hy moast mei de ambulânse nei it sikehûs.

De ynsittenden fan de bestelbus kamen mei de skrik frij. Wat de oarsaak fan it ûngelok wie, is noch ûnbekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)