Bestjoerder swierferwûne by botsing mei daamwand by Nijlân

18 okt 2015 - 12:06

By Nijlân is sneontenacht in 28-jierrige ynwenner út de omkriten fan Snits swierferwûne rekke by in ûngelok. Om healwei fiven moarns seach in boer yn in trekker krekt bûten it doarp in auto yn de sleat stean. De auto wie tsjin in daamwand oanriden.

Brânwacht en ambulânsepersoniel hawwe it slachtoffer út de auto helle en oerbrocht nei it sikehûs yn Snits. It is net dúdlik hoe't it mei de bestjoerder is. Der sil in bloefproef ôfnommen wurde. De plysje ûndersiket it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)