Bestjoerder rydt man oan

30 jan 2013 - 15:10
  • Plysje-embleem

De plysje siket de bestjoerder fan in grize Citroen dy't woansdeitemoarn nei in oanriding op It Hearrenfean trochriden is. Op de Kattebos rûn om 08.15 oere in Feanster (43) nei de Valeriaan. Hy hearde in auto achter him oankommen. By it foarbyriden rekke de bûtenspegel de man. Hy rekke ferwûne oan de earm en moast nei de dokter. De bestjoerder mindere faasje mar ried wol troch en seach net nei it slachtoffer om. De plysje freget de bestjoerder of tsjûgen har te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)