Bestjoerder ramt auto Provinsjale Wettersteat en rydt troch

24 feb 2015 - 16:12
  • De aksje-auto mei pylkwein bedarre yn de sleat

In noch ûnbekende bestjoerder is op de N910 by Westergeast op in saneamde 'aksje-auto' fan Provinsjale Wettersteat botst. De auto joech mei in pylkwein oanwizings oan it ferkear en bedarre nei de botsing yn de sleat. De feroarsaker ried dêrnei troch.

De plysje ropt op út te sjen nei in donkere Peugeot mei skea oan de foarkant. Der rekke gjin ien ferwûne. De provinsje-auto rûn wol flinke skea op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)