Bestjoerder naait út nei ûngelok yn Ljouwert

13 jun 2015 - 08:03

In autobestjoerder is freedtejûn op 'e flecht slein nei in iensidich ûngelok yn Ljouwert. De man wie op de Kanaalweg tsjin in lantearnepeal botst en syn auto bedarre dêrnei dwers op 'e dyk. Doe't de plysje kaam, wie der net ien mear by de auto.

Dy auto rekke flink skansearre en is fuortsleept troch in bergingsbedriuw. De plysje wit yntusken wa't de bestjoerder is en sil noch nei him ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)